Kollum: "Schnabbel"

"Ik dreamde fan Sonja Barend. De telefyzjepresintator. 'In ruste', want se is 78. Mar yn myn dream wie se dat net. Se siet op in poadium, en om ien of oare reden siet ik dêr ek. Se presintearre wat, mar it wie net foar de radio of telefyzje; it like noch it meast op in schnabbel. En in schnabbel, yn it sjoernalistike sirkwy, is in putsje dat je net dogge as haadynkommen, mar foar derby. Afijn, Sonja en ik dus, op dat poadium, yn dy dream fan my, en doe kukele ik fan it poadium ôf. Mar Sonja fong my op - ein fan 'e dream.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
No dream ik wol faker nuvere saken, dus ik ha ôfleard om dat al te serieus te nimmen. Mar ik kin net ûntkenne dat ik by mysels altyd even neigean: wêr komt dit yn fredesnamme wei? Want it is yn myn holle bard, en moat basearre wêze op gedachten en kennis dy't ik earder opdien ha, of is in gearstalling dêrfan, mar noch altyd kennis yn myn holle.
Dus ik rûn by it wekker wurden de basisyngrediïnten nei: Sonja Barend. Ik ha yn myn libben mar in ferdomd lyts bytsje mei har te meitsjen hân. Ast in skoft yn it mediawrâldsje omstapst, wat ik doch, dan komme je wolris immen tsjin, mar Sonja ha ik noch nea troffen. It is ek net sa dat se foar my in grut foarbyld is, ek al dogge we fergelykber wurk. Mar sy is bekende Nederlanner, en ik wis net, dus dat makket al dat ik mysels ek dreech mei har identifisearje kin.
Dan it schnabbeljen. Dochs opmerklik dat sa'n abstrakt begryp yn in dream telâne komt. Ik assosjearje Sonja net mei schnabbeljen. Ik tocht sels dat sy dat nea dwaan soe, oant ik it dus dochs mar even google. Blykt dat Sonja te boeken is as 'dagvoorzitter'. By Geerling Artiesten & Evenementen, in bedriuw út Zaandam. Se ha in ôfgryslik mâle website, mei de foarmjouwing dy't yn 1997 al net mear koe. Ik kin my ek foarstelle dat Geerling it sels betocht hat, dat je Sonja by harren boeke kinne, mar dat Sonja hielendal net te boeken is en dat dit allinnich mar wat ynteressant stiet. Ik ha it net probearre.
It is al in business hear, dat byklussen fan BN'ers. Yn 2015 krigen we in ynkykje yn dy wrâld, doe't Brandpunt-presintator Fons de Poel GrienLinks-keamerlid Jesse Klaver in 'snotneus' neamde yn Brandpunt. Jesse hie yn in item yn dat programma kritysk west op ABN AMRO, en doe kaam út dat Fons foar dy bank in talkshow presintearre hat. Want Fons hat neist syn telefyzjewurk dan al tweintich jier in eigen bedriuw, dêr't er himsels ferhiert.
En dat is steande praktyk by bekende Nederlanners en sjoernalisten, en meastal ek gjin geheim. Klap de websites fan Speakers Academy of Talent Kitchen mar ris iepen. En ik wol der ek gjin kwea fan sprekke: ik bedoel, as dyn 'verdienmodel' bestiet út allinnich mar sa no en dan in programma presintearje op de telefyzje, dan bist sa fallyt. Ofsjoen fan it grutte jild harkjen, is it gewoan handich om, ast even net mei dyn bakkes yn byld bist, ek wat jild te fertsjinjen. Better as de WW.
In presintator, freelancer, ik fertel net wa, sei ea: as ik dat-en-dat programma presintearje, krij ik dêr 300 euro foar. En as ik as tarieding fan it ynterview in boek lêze moat fan 800 pagina's, dan kin dat allinnich mar omdat ik de folgjende wike foar tsien of fyftjin kear dat bedrach by in ynternasjonaal konsern in kongres foarsit.
Dy presintator kin dat dwaan omdat sy of hy mei syn kop sa no en dan op telefyzje is. En dat is al wat sneu foar sjoernalisten dy't dat net binne fansels. Want dy moatte dy 800 pagina's ek lêze, en de folgjende wike gewoan wer, sûnder dat ekstra ynkommen. En sa'n sjoernalist bin ik dan.
Ik ha trouwens dizze wike sels ek in schnabbel. Soe dat de reden wêze dat ik oer Sonja Barend dreamd ha? Dat ik fan it poadium foel, en dat sy my wer omheech luts. It is trouwens in neipetear by in toanielstik, foar in bedrach dêr't Fons de Poel syn telefoan net iens foar opnimt."