IepenUP: "Alles yn Amearika draait noch hieltyd om jild"
De ferkiezings yn Amearika, wêrby't de Demokraten de macht yn it Hûs fan Offurdigen oernamen fan de Republikeinen, sil hast gjin gefolgen foar Europa hawwe. Trump sil him boppedat benammen rjochtsje wolle op Amearika sels, syn feilichheid en ekonomyske posysje. Europa moat dêrom folwoeksen wurde en tenei mear syn eigen koers bepale.
Al ien dei nei de Amerikaanske ferkiezings waard op it poadium fan IepenUp Live - it wyklikse diskusjeprogramma fan LF2018 en Omrop Fryslân - al drok bediskusearre oft de útslaggen ynfloed hawwe kinne op it solobelied fan Trump. Foar in folle seal joech in panel fan Amearika-saakkundigen de ôftraap foar in libbendich petear. In "retoarysk djiptepunt", neamde dosint Amerikanistyk Jelte Olthof dy ferkiezings.
Ferskaat
Mar neffens Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Leeuwarder Courant, en Bianca Pander, direkteur fan in media- en advysbureau yn Amsterdam, dy't ek beide yn Amearika wenne ha, stiene de ferkiezings benammen yn it teken fan ferskaat. En wie it beslist net allegear negatyf. Sa binne der net allinnich mear froulju ferkeazen, mar ek foar de earste kear in man dy't iepenlik útkommen is foar syn homoseksualiteit.
It Amerikaanske folk wie sels oars net bot skrokken troch de útslach. Sawol oan de side fan de Demokraten as dy fan de Republikeinen, waard berêstend ôfwachtsjend reagearre. Sa hie IepenUp Live-redaktrise Iris Bos konstatearre.
Bos is foar in stúdzje yn Amearika en die live ferslach. Wol wie it har opfallen dat it feit dat der dit kear benammen mear froulju keazen binne, wol hiel posityf ûntfangen is.
"Kwaliteit moat wichtiger wêze as sekse"
De oanwêzigen yn de seal wiene net bot ûnder de yndruk fan de tanimming fan de froulike politisy. Kwaliteit moat wichtiger wêze as sekse, sa wie de miening, dy't oer it algemien dield waard troch de panelleden. Universitêr dosint Amerikanistiek Maarten Zwiers fûn de rol en dus de macht dy't it jild hat yn Amearika, wat dat oanbelanget folle wichtiger.
"Alles yn Amearika draait noch hieltyd om jild", sa memorearre hy. "Oan kampanjejild foar dizze ferkiezings is bygelyks leafst 5 miljard dollar útjûn. En as in politikus as kandidaat serieus meidwaan wol, moat er minstens 20 miljoen dollar meibringe."
Dat is foar ús lân hast net foar te stellen en dat moat neffens Zwiers en ek de oare leden fan it panel sa bliuwe.