Keatsferiening Sjirk de Wal Dronryp siket argyfmateriaal

07 nov 2018 - 22:11

Keatsferiening Sjirk de Wal siket om argyfmateriaal. De feriening bestiet dit jier 125 jier en dat is mei allerhanne festiviteiten fierd. Mar doe waard ek dúdlik dat der yn it argyf noch it nedige mist. Oant 1993, doe't Sjirk de Wal hûndert jier bestie, giet it noch wol. Mar dêrnei binne der dochs ferskate saken dy't noch wol yn it argyf thús hearre, mar der net yn sitte.

Foto: ANP

Neffens foarsitter Lute Pen is materiaal fan foar 1993 lykwols ek tige wolkom. "Tink bygelyks oan foto's. Der binne sûnt 1993 in hiel protte foto's makke, dy't wy graach yn it argyf hawwe wolle. Mar alle oare dingen dy't mei Sjirk de Wal te krijen hawwe binne wolkom."

Njonken it oanfoljen fan it argyf wol Sjirk de Wal it argyf ek digitalisearje. Pen: "Dat is belangryk. Tink mar oan de ferienings yn Sint-Anne dy't dingen kwyt rekke binne by de brân yn de kantine fan sportkompleks De Waaie. As dat je oerkomt binne je in protte kwyt." De keatsferiening hopet op moaie oanfollings fan it argyf en lûkt in oantal jierren út foar de digitalisearring.

Keatsferiening Sjirk de Wal Dronryp

(advertinsje)