Jild en geweld spylje faak in rol yn ôfhinklikheidsrelaasjes, blykt út ûndersyk fan Fier

In soad slachtoffers fan geweld hawwe te krijen mei finansjele problemen. Helpferlieners witte faaks net wat se dwaan moatte oan dizze problematyk. Dat docht bliken út ûndersyk fan Fier, ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikensrelaasjes. Fier die goed twa jier lang ûndersyk nei dit tema en lansearret it boek Geld en Geweld, armoede en schulden in afhankelijkheidsrelaties.
De Veilige Veste fan Fier! Fryslân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"Naar schatting heeft zo'n 90% van de cliënten in de maatschappelijke en de vrouwenopvang financiële problemen", fertelt Ferdi Bekken, Fier-ûndersiker en skriuwer fan it boek. Neffens Bekken kin geweld in oarsaak wêze fan finansjele problemen, mar ek in gefolch.
"Bij Fier zien we veel meisjes en vrouwen die binnen een gewelddadige relatie financieel zijn uitgebuit", leit Bekken út. Dochs is de skuldeproblematyk binnen de geweldshelpferliening noch behoarlik ûnsichtber. In miste kâns, neffens Bekken, want "zolang er financiële problemen zijn, is de weg naar herstel en het stoppen van geweld lastig".
© Shutterstock.com
De oarsaak fan dy ûnsichtberens is neffens Bekken twaliddich: "Ten eerste de schaamte, ontkenning en onwetendheid bij cliënten. Mensen maken hun financiële problemen zelden uit zichzelf bespreekbaar. Ten tweede ligt de expertise van hulpverleners op een heel ander vlak, namelijk op het stoppen van geweld en het ondersteunen bij sociaal-emotionele problemen."
Se wurde net oplaat om finansjele problemen te sinjalearjen. En at se it wol sjogge, dan kinne se net altyd de help biede dy't nedich is yn dizze faak komplekse finansjele sitewaasjes.

Projekt

Mei it boek wol Fier hjir feroaring yn bringe. Oan 'e hân fan praktykfoarbylden wurdt ynsicht jûn yn de wikselwurking tusken jild en geweld. Helpferlieners hoege net sels oan 'e slach mei de skulden fan harren kliïnten, mar moatte se wol sinjalearje kinne en kliïnten motivearje om help te krijen fan professionals.
It boek Geld en Geweld is it resultaat fan it projekt Armoede en Schulden, dat finansiere wurdt troch it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid.