Leechsteande tsjerkegebouwen yn Fryslân, wat moatte wy dermei?

07 nov 2018 - 21:19

Wat moat der barre mei it grutte tal tsjerkegebouwen dat de kommende jierren hieltyd faker leech stiet of leech te stean komt? Der gean hieltyd minder minsken nei tsjerke; eigeners en behearders hawwe it hieltyd dreger om harren gebouwen iepen te hâlden.

Takom sneon, dan wurdt yn Nijmegen de ôftraap hâlden fan in nasjonale tsjerkeoanpak. Doel is te kommen ta in lanlike oanpak fan it hieltyd grutte wurdende tal leechsteande tsjerkegebouwen. Sintraal stiet dan werbestimming; it sykjen fan in oare funksje foar de gebouwen.

13,5 miljoen euro

De minister hat foar de kommende jierren 13,5 miljoen euro beskikber steld, om mei-inoar te sjen nei ideeën fan werbestimming.

Wethâlder Stella van Gent fertelt hoe't de leechstân yn Súdwest-Fryslân is

De koepeltsjerke yn Wytmarsum - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân stean sa'n 160 tsjerkegebouwen. Mei dat oantal is de gemeente koprinner yn Nederlân.

Oansicht

Neffens wethâlder Stella van Gent is it wichtich dat der no op nasjonaal nivo neitocht wurdt oer alternative funksjes foar de tsjerken.

"Kerken zijn vaak het eerste aangezicht van dorpen en steden. Het is mooi dat het Rijk nu zegt dat er nagedacht moet worden over mogelijkheden tot herbestemming."

(advertinsje)