UPDATE: Utslaande wenningbrân op De Gordyk ûnder kontrôle

De brânwacht fan De Gordyk en It Hearrenfean binne woansdeitejûn krekt foar 20.00 oere alarmearre foar in wenningbrân oan de Nijewei op De Gordyk. Yntusken is it sein 'brân master' jûn, mar der sil noch wol in skoftke neidwêste wurde.
© Srfotografie
Omdat de brân útslaand wie, wie der al nei trije minuten opskaald nei middelbrân. Dêrnei waard de brânwacht fan Jobbegea ek oproppen.
De brân wie ûntstien by it dak en der kaam in soad reek by frij. Op it momint fan de brân wie der nimmen yn de wenning oanwêzich. De brânwacht hat de oprop om de ruten en doarren te sluten wer ynlutsen. Hoe 't de brân ûntstean koe, is noch net bekend.