LIVE: De Amerikaanske ferkiezings yn IepenUP Live

It is ien dei nei de ferkiezings yn Trump syn Amearika. Alle 435 sitten yn it Hûs fan Offurdigen wurde op 'e nij ferdield tusken Republikeinen en Demokraten. Ek 35 fan de 100 Senaatssitten wurde opnij keazen. Behâldt Trump syn Republikeinske mearderheid?
Tegearre mei Amearika-eksperts Sander Warmerdam, Bianca Isabella Pander, Maarten Zwiers en Jelte Olthof wurdt der neitocht oer: Wat betsjut de útslach foar de Amerikaanske polityk?
Yn IepenUP wurdt der live oerskeakele nei minsken yn New York, der is muzyk fan nimmen oars as Tim Knol, der wurdt in kroechkwis dien en der is poëzy fan Cissy Joan.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.