BCV en VV Burgum wolle nije trainer foar fúzjeklup

07 nov 2018 - 19:08

De bestjoeren fan de fuotbalklups BCV en VV Burgum ha mei op advys fan de mienskiplike Technyske Kommisje besletten in nije trainer oan te stellen foar it earste alvetal fan de nije fúzjeklup. Dat betsjut dat de kontrakten mei BCV-trainer Jasper Bouma en VV Burgum-trainer Jan Bruin net ferlinge wurde oan de ein fan dit seizoen.

Foto: Omrop Fryslân

De bestjoeren ha dat tiisdeitejûn oan de trainers en de fuotballers fan de beide A-seleksjes meidield. De bestjoeren sizze mei klam hiel tefreden te wêzen oer de ynset en prestaasjes fan beide trainers. It beslút om net mei harren fierder te gean, stiet los fan har funksjonearjen, sizze de bestjoeren.

Mar by in nije start as fúzjeklup heart ek in nij gesicht, fine se. Woansdeitejûn hâlde beide klups in mienskiplike jûn yn De Pleats yn Burgum. Sintraal stiet dêr de nije identiteit fan de fúzjeferiening. Leden, frijwilligers en oare belutsenen binne dêr oanwêzich.

(advertinsje)
(advertinsje)