Man hinget skoft oan heechwurker yn bosk yn Nijemardum

Yn de bosk yn Nijemardum hat hast twa oeren lang in 62-jierrige man út Himmelum oan in heechwurker hongen. De man wie yn 'e buert fan it Heidepaad dwaande mei snoeiwurk, doe't de masine it bejoech. Hy hong mei ien hân oan in liere oan it bakje fan de heechwurker.
© Camjo Media
Omwenner Carl Draaijer wie yn de buert en hat de rêdingsaksje meimakke
De brânwacht moast der oan te pas komme, mar dy koe de lokaasje mar lestich berikke. Yntusken is de man nei ûnderen helle. De man is ûndersocht troch ambulânsepersoniel en makket it goed.