Boek en dokumintêre bringe ferhalen fan Earste Wrâldoarloch foar it ljocht

07 nov 2018 - 18:25

Kommende snein is it hûndert jier lyn dat in ein kaam oan de Earste Wrâldoarloch. Dan ferskynt it boek 'Ver van het front? Friesland en de Friezen in de Eerste Wereldoorlog' fan Kees Bangma fan Dokkum dat er mei Nykle Dijkstra, Sytze de Graaf en Ritske Mud skreau.

By de Earste Wrâldoarloch tinke de measte minsken net gau oan Fryslân. Wierskynlik bringt it ferhaal fan Mata Hari dy tiid noch it tichtste by. Sy waard as spionne eksekutearre.

Mobilisaasje

Bangma sammelet al sa'n tsien jier ferhalen oer Friezen yn de Earste Wrâldoarloch. Hy hat trije oare aspekten fûn fan Fryske belutsenheid: flechtlingen dy't hjir ûnderbrocht binne, emigrearre Friezen dy't oan it front fochten ha en de mobilisaasje fan it Nederlânske leger, wêrtroch't ek Friezen fan harren hûs en famylje wei moasten.

Foto: Omrop Fryslân

Bangma fûn bygelyks it ferhaal fan Thijs de Groot. Hy socht op wêr't syn grêf is en en sa krige dit slachtoffer fan de Earste Wrâldoarloch wer in gesicht en in ferhaal yn de Fryske skiednis.

Foto: Omrop Fryslân

De Earste Oarloch hat miljoenen minsken it libben koste. Dochs is it in perioade dy't foar in soad minsken ûnbekend is. Nederlân wie neutraal, mar de ynfloed fan de oarloch wie grut. Ek hjir yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Dokumintêre

Sneon stjoert Omrop Fryslân de dokumintêre 'Fryske ferhalen fan de Earste Wrâldoarloch' út. Dêryn de persoanlike ferhalen fan tal fan minsken út dy oarlochstiid. Bygelyks it ferhaal fan in Belgyske soldaat dy't in grêf op it begraafplak fan Dokkum hat. Dat brocht skriuwer Bangma op it spoar fan oare ferhalen.

Foto: Omrop Fryslân

Troch de wiidweidige kennis fan Kees Bangma, de ferhalen fan neikommelingen en in farske blik fan studinten, wurdt de skiednis fan persoanen yn oarlochstiid yn byld brocht.

Kenner fan de Earste Wrâldoarloch, Jort Kelder, sketst in byld fan dy tiid. Mei help fan filmbylden, foto's, deiboeken en materiaal út it boek sprekke de ferhalen ta de ferbylding.

(advertinsje)