Ymponearjende list fan hast 36.000 flechtlingedeaden te sjen op Nijstêd

07 nov 2018 - 18:18

Mear as 80 meter lang is de list mei nammen fan flechtlingen, asylsikers en migranten dy't dit jier ferstoarn binne ûnderweis nei Europa. Kommende sneon wurde de nammen foarlêzen. Under oaren columnist Nynke de Jong en foarsitter Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd dogge dêr oan mei. Ferslachjouwer Andries Bakker wie op de Nijstêd yn Ljouwert. Dêr wurdt dy list tentoansteld.

Foto: Lucas Kemper

'The List' is ûnderdiel fan IepenUP en hat ûnder oare ek yn New York, Istanbul, Milaan en Berlyn hongen. Dizze wurdt elk jier bywurke troch UNITED for Intercultural Action. Dat is in Europeesk netwurk tsjin nasjonalisme, rasisme, fassisme, dat migranten, flechtlingen en minderheden helpe wol.

Op de list stean de 35.597 slachtoffers en - foar safier dat bekend is - harren namme, it plak wêr't se wei komme en hoe't, wêr't en wannear't se ferstoarn binne.

Ferslachjouwer Andries Bakker is op de Nijstêd

Matthea de Jong fan IepenUP hat de list hjirhinne helle. "Ik vind het heel indrukwekkend om het zo in z'n geheel te zien hangen", seit De Jong. "We hebben de lijst naar Leeuwarden gehaald, omdat IepenUP ook gaat over ingewikkelde vraagstukken in Europa. Het migratievraagstuk is een van de grotere thema's die nu spelen."

Humaner

"We hebben binnen het Culturele Hoofdstad-programma heel veel aandacht voor mensen die een nieuw leven opbouwen in Fryslân. Maar niet voor wat er zich afspeelt aan de buitengrens van Europa", ferfolget De Jong. "We hopen dat het mensen ertoe aanzet om na te denken over hoe dit probleem humaner kan worden aangepakt."

De list is oant 25 novimber te besjen op de Nijstêd.

Foarbygongers oer de list mei 35.000 flechtlingen

(advertinsje)