FNP Achtkarspelen ropt eigen gemeente op om lokale bedriuwen te stypjen

07 nov 2018 - 17:24

As Achtkarspelen wat te fieren hat yn ien fan de doarpen yn de gemeente, dan moat altyd besocht wurde om de hapkes en drankjes by de middenstân yn dat doarp te keapjen. Dat fynt de FNP yn Achtkarspelen. De partij stelt dêroer skriftlike fragen oan it kolleezje fan B&W.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Oanlieding is de offisjele start fan it opknappen fan de Gealewei en de Doarpsstrjitte yn Twizelerheide. Doe waard troch de gemeente in cateringsbedriuw fan bûten de eigen gemeente frege foar de hapkes en drankjes.

De FNP wol witte wêrom't de gemeente dat dien hat, wylst ek yn it doarp sels mooglikheden binne.

De FNP wol witte hoe't Achtkarspelen dit útlizze kin oan de eigen middenstân en wol dat tenei earst altyd besjoen wurdt oft de eigen middenstân ynskeakele wurde kin.

Trefwurden: 
FNP Achtkarspelen catering
(advertinsje)