Lanlike priis foar fulvapoly fan Antonius sikehûs yn Snits

07 nov 2018 - 17:14

De fulvapoly fan it Antonius sikehûs yn Snits en Emmeloord hat de lanlike Fulva Award 2018 wûn. It is de earste kear dat it sikehûs dizze priis yn ûntfangst nimt.

Foto: Omrop Fryslân

De fulvapoly behannelet froulju mei klachten oer de útwindige geslachtsdielen. De klachten binne faak jokte, in brânend gefoel of seksuele problemen.

Neffens gynekolooch Karin Veldkamp is de krêft fan de fulvapoly fan it Antonius sikehûs de mienskiplike oanpak. "Als we de patiënt onderzoeken, wisselen de dermatoloog en ik onze kennis en inzichten uit. Samen weten we meer."

Foto: Omrop Fryslân

Blyk fan wurdearring

De resultaten fan de poli wienen ôfrûne jier goed en Veldkamp is grutsk dat no krekt dizze ôfdieling in award ûntfange mocht. "Dit is een blijk van waardering voor alle energie die we als team in deze poli steken. Deze award is een compliment voor alle betrokkenen," seit Karin Veldkamp.

Trefwurden: 
award Antonius 2018 fulvapoly
(advertinsje)