Boargemaster ferbiedt âldjiersfjoer yn Wierum

07 nov 2018 - 16:36

Mei âld en nij mei dit jier gjin âldjiersfjoer komme yn Wierum. Dat hat de boargemaster fan Dongeradiel besletten. Hûs-oan-hûs is it brief ferspraat yn Wierum om alle bewenners op de hichte te bringen.

Oanlieding is de gong fan saken yn de lêste âldjiersnacht. Doe makken de Wierumers oan De Breedte in folle gruttere en hegere fjoerbulte as koart dêrfoar yn in oantal petearen mei de jongeren ôfpraat wie.

Oerdreaun

Yn it doarp wurdt ûngelyk reagearre op it ferbod. Guon Wierumers fine it ferbod oerdreaun, want in ûngelok is der noch nea bard by it âldjiersfjoer, mar der binne ek guon dy't de boargemaster gelyk jouwe.

Ien fan de jongeren dy't by de lêste aldjiersdei by it fjoer yn Wierum belutsen wie, is de 17-jierrige Johannes Talma. Hy jout wol ta dat de jongeren har net oan de ôfspraken hâlden hawwe. Hy hopet dat noch mei de gemeente te praten is.

Op dit plein wie it âldjiersfjoer - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Johannes Talma

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Douwe Koopmans en Pier Smidt

Evaluaasjes

Op 31 jannewaris en op 4 april hawwe der al evaluaasjes west fan de jierwiksel yn Wierum. Dêrby wiene ek de jongeren en har âlden útnûge, mar dy hawwe der net by west.

De boargemaster hat dêrút opmakke dat de jongeren net de needsaak sjogge om har gedrach oan te passen, sa stiet yn de brief fan de gemeente. Mar, oan de oare kant: de boargemaster bliuwt iepen stean foar in petear, sa stiet dêr te lêzen.

De DDFK-gemeentes yn Noardeast-Fryslân begjinne woansdeitejûn oan in searje foarljochtingsjûnen oer karbidsjitten en oare âldjiersnachttradysjes. It doel fan dy jûnen is om de saken sa feilich mooglik te organisearjen en de jongeren ek te ynformearjen oer wat wol en wat net mei.

De belangstelling foar de jûnen is grut. Mei-inoar hawwe har al sa'n 150 minsken foar ien fan de jûnen oanmeld.

It brief fan Dongeradiel oan de Wierumers - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)