Sjochmiddei by fynst fan âlde skeletten yn Balk

07 nov 2018 - 16:16

By graafwurksumheden yn Balk binne al sa'n 80 skeletten fûn. Belangstellenden koenen woansdeitemiddei it wurk fan de archeologen besjen. De skeletten komme út de perioade fan 1750 oant 1850.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

De skeletten waarden fûn by wurksumheden oan it Haskeplein. Foardat dat it wurk begûn, wie by de gemeente al bekend dat der in âld begraafplak yn de buert fan it Haskeplein wêze moast.

Doe't de earste skeletten fûn waarden, binne fuort archeologen ynskeakele. En doe binne noch mear skeletten fûn.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Sjochmiddei

Op de sjochmiddei woansdei koenen belangstellenden it wurk fan de archeologen besjen. Sy krigen útlis fan archeolooch Michael Bot.

Bot koe fertelle wat se oant no ta ûntdutsen ha. "We kunnen zien hoe oud de mensen gemiddeld werden, hoe lang ze werden, of er ziektes waren en of het mannen of vrouwen zijn. Wat we tot nu toe hebben gezien is dat ze allemaal volwassen zijn en rond 1.65 meter groot."

De skeletten dy't no oan de oerflakte kommen binne, wurde derúthelle en sille ûndersocht wurde. Derfoar ha de archeologen noch oardel wike de tiid.

De rest fan de skeletten bliuwt lizzen ûnder de nije strjitklinkerts fan it Haskeplein yn Balk.

Geert van Tuinen praat mei archeolooch Michael Bot

Trefwurden: 
Balk skelet sjochmiddei
(advertinsje)