Ald-fierljepper Bart Helmholt docht mei oan NK Sterkste Man

It Nederlânsk kampioenskip Sterkste Man oant 105 kilo is sneon is yn it WTC yn Ljouwert. Tolve manlju stride om de titel. Opfallende dielnimmer is âld-topfierljepper Bart Helmholt út Burgum.
NK Sterkste Man mei Bart H en Jitse K
De dielnimmers ha har fan 't simmer kwalifisearre foar dit kampioenskip. Ek Bart Helmholt wist him te pleatsen en wol it leafst ek fuortdaliks foar de medaljes meidwaan.
Helmholt traint by mearfâldich Nederlânsk kampioen Jitse Kramer, om op de fiif NK-ûnderdielen sa goed mooglik te prestearjen.
Bart Helmholt wol sterkste man wurde © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Bart Helmholt en Jitse Kramer kamen mei inoar yn 'e kunde by Sportsintrum Reset yn Burgum. Jitse jout dêr training en Bart kaam dêr om in sterkere fierljepper te wurden.
Fia Jitse is Bart ynteressearre rekke yn de Sterkste Man wedstriden, en sneon makket er dus syn debút op it NK yn Ljouwert.
Grutte favoryt is Gijs van Boeijen, hy is noch nea ferslein. En Ryan Schoutema út Ljouwert, dy't ferline jier twadde waard, is ek favoryt. Soe Bart Helmholt no al it poadium helje kinne?
Bart Helmholt en Jitse Kramer over NK sterkste man