Van Harinxmakanaal wurdt nei baggerwurk goed in meter djipper

07 nov 2018 - 14:51

It Van Harinxmakanaal wurdt oer in lingte fan 12 kilometer flink útbaggere, sadat gruttere skippen fan begjin takom jier ôf frij baan ha. De put begûn dizze simmer by de Foanejachtbrêge flakby Suwâld. Yntusken is it baggerwurk al opskood oant yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt sa'n 180.000 kúb slib út it Van Harinxmakanaal helle. Dêrmei wurdt it kanaal in meter oant oardel meter djipper.

Gruttere skippen kinne dan makliker troch Ljouwert farre en de containerterminals berikke. It baggerbedriuw is no dwaande oan de súdkant fan Ljouwert.

Heal desimber moat it wurk klear wêze.

(advertinsje)