It NFF by Omrop Fryslân: Films oer seksualiteit en gender

07 nov 2018 - 14:24

Fan moandei 5 oant snein 11 novimber stiet Ljouwert wer folslein yn it teken fan it Noordelijk Film Festival. It festival duorret dit jier in pear dagen langer yn ferbân mei LF2018, en Omrop Fryslân is der alle wurkdagen by mei in wiidweidige útstjoering út De Harmonie wei. Yn dit programma petearen mei filmmakkers en reportaazjes. Alle jûnen stjoere wy ien of soms twa films út.

In oantal films út binnen- en bûtenlân op it Noordelijk Film Festival giet oer it LHBTI-tema: seksualiteit en gender. Karen Bies praat mei de Drintske filmer Reinout Hellenthal oer syn film Anders. In oandwaanlike film oer de 14-jierrige Alex, dy't wrakselet mei syn genderidentiteit. Reinout: "Het is een film geworden die mensen raakt en aan het denken zet."

Yn de coming of age film Dòst fan Joren Molter giet it oer homoseksuele gefoelens binnen in freonegroep op it Grinzer plattelân. Joren komt dêr sels ek wei. Bysûnder is dat alle akteurs yn Dòst jongeren binne dy't foar it earst spylje. Joren: "Professionele acteurs hebben vaak geleerd om een soort twinkeling in hun ogen te hebben. In Dòst voel je dat ze echt zijn."

Anders en Dòst binne op it Noordelijk Film Festival te sjen. Yn it programma by Omrop Fryslân fertoane we in oare film fan Joren Molter, Kind. In frou ûntdekt ta har grutte skrik dat se fereale rekket op in bern.

Nacht van de Fanfare - Foto: Omrop Fryslân

Woansdei ek in petear mei Noortje Wilschut, produsinte fan Nacht van de Fanfare, fan regisseur Anna van Keimpema. In man en in frou wenje op it stille Grinzer plattelân en wurde op in jûn ferrast troch in fanfaretrio mei autopech. Wat folget is gaos, rûzje en it besef by it stel dat se tegearre in oarloch útfjochtsje moatte. De Omrop stjoert dizze film út.

It NFF by Omrop Fryslân

Moandei 5 novimber oant en mei freed 9 novimber 2018, is Omrop Fryslân alle jûnen fan 21 oant 22 oere op it Noordelijk Film Festival. Yn dit programma binne gesprekken mei filmmakkers en reportaazjes te sjen. Dêrnjonken stjoere wy alle jûnen ien of soms twa films út.

(advertinsje)