Talepaviloen MeM krijt in nij plak yn Bûtenpost

07 nov 2018 - 13:16

It talepaviljoen MeM is ûntmantele en reizget ôf nei de nije eigener. Earder liet betinker Kees Botman witte dat it gebou ferkocht wie, mar woe net sizze oan wa. Dat is no bekend. It houten gebou giet nei de Muzykpleats yn Bûtenpost dêr't it as lokaasje foar muzyk- en toaniellessen brûkt wurde sil.

Foto: Omrop Fryslân

Nije eigeneres Atsje Lettinga is der bliid mei. "Wy ha de ôfrûne tiid al faker yn MeM west en tochten: 'wat soe it moai wêze om dit te hawwen.' Mar dat wie in dream, oant it beskikber kaam op Marktplaats."

It gebou sil de namme behâlde, mar mei in oare betsjutting. Sa sille der mei Minsken en Muzyk oan 'e slach gean en dêr stiet de ôfkoarting tenei foar.

Mei de winter foar de doar sil Lettinga sjen op hokker wize oft se it gebou ferwaarmje kinne sadat se der sa gau as mooglik gebrûk fan meitsje kinne. De buorlju fine sa'n heech gebou njonken de doar net slim, dy fine it krekt wat foar de Muzykpleats.

Op 14 novimber komt de oanfraach foar de fergunning yn de krante.

Atsje Lettinga

(advertinsje)