Feanster frou rekket swierferwûne by ûngelok op de N31

07 nov 2018 - 12:59

By it swiere ûngelok op de N31 is woansdeitemoarn in 39-jierrige frou fan It Hearrenfean swierferwûne rekke. De auto fan de frou kaam om healwei njoggenen hinne yn botsing mei twa oare auto's.

Foto: Kappers Media

Troch de kettingbotsing ûntstie der in lange file op de N31 by de ôfslach Ljouwert-West. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De 56-jierrige bestjoerder fan de foarste auto kaam mei de skrik frij. De tredde auto dy't by de kettingbotsing belutsen wie waard bestjoerd troch in 56-jierrige man út Bûtenpost. Hy moast nei it MCL yn Ljouwert tabrocht wurde om behannele te wurden foar ferwûnings.

Plysje betanket omstanners

De plysje lit fia Twitter witte dat se tige tankber binne foar de help fan omstanners fuort nei it ûngelok. "De politie stelt de door omstanders verleende eerste hulp zeer op prijs", sa skriuwe se.

It ûndersyk nei it ûngelok is noch yn folle gong, it is noch net dúdlik hoe't de kettingbotsing krekt barre koe.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok N31
(advertinsje)