WMO'ers yn Ljouwert mei fergees gast meinimme yn de bus

07 nov 2018 - 12:47

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert dy't min rinne of oanwiisd binne op in rollator of in rolstoel meie tenei fergees ien meinimme yn de bus.

In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Ljouwert hat tûzen spesjale passen klear lizzen foar minsken dy't rjocht ha op WMO-ferfier. Foar 7,50 euro kinne se sa'n pas keapje en meie dan in jier lang yn de stêd fergees famylje, kunde of helpferlieners meinimme yn de bus.

De gemeente Ljouwert en ferfiersmaatskippij Arriva ha dêroer oerienstemming berikt. It doel is dat minsken sa faker de bus nimme yn stee fan de folle djoerdere buskes of taksys.

Trefwurden: 
bus Ljouwert Arriva Wmo
(advertinsje)