Skiermûntseach pakt slibprobleem yn jachthaven oan

07 nov 2018 - 12:40

De gemeente Skiermûntseach wol sa gau as mooglik it slibprobleem yn de jachthaven op it eilân oanpakke. Se hawwe dêr sa'n 70.000 euro foar beskikber steld. De haven rint sûnt koart folslein fol mei sân en dat hat behoarlike gefolgen foar de boaten dy't de haven brûke wolle.

De haven fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"Gewoanwei kinne maksimaal 120 skippen yn de haven, mar no hâldt dat mei 80 wol op," leit wethâlder Erik Gerbrands út. "Dat is sneu foar de boatsjeminsken dy't der net mear by kinne en it is min foar de ekonomy op it eilân."

Begjin takom jier sil de gemeente 20.000 kúb sân útbaggerje en yn it depot stoarte. Dêr is foar ien kear tastimming foar. Dan is de djipte wer normaal.

De problemen by Skier binne net te ferlykjen mei It Amelân, want dêr hat it mei de fargeul fan de fearboat te krijen. "Op Skier giet it om in dearinnende geul by de jachthaven en dy leit by de seedyk. Elk jier komt der wer sân by en foar elk seizoen baggerje we dat út."

Mei dizze oplossing tinkt de gemeente fjouwer jier foarút te kinnen. De gemeente wol ûnderwilens mei de provinsje prate oft se it slib stoarte kinne tusken de âlde en nije feardaam yn, mar dan moat nei de regels sjoen wurde fanwege de natuer.

De gemeenteried moat noch beslute oft it ekstra jild beskikber steld wurdt.

(advertinsje)