Haadredakteur Klaas Geert Bakker giet fuort by Omrop Fryslân

Klaas Geert Bakker giet mei yngong fan 1 jannewaris fuort as haadredakteur fan Omrop Fryslân. Hy hat it koart pleit ferlern dat hy oanspand hie tsjin de Omrop.
It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Bakker wie sûnt begjin septimber skorst fanwege in fersteurde arbeidsferhâlding mei de direksje. Ek de rjochter is fan oardiel dat der sprake is fan in net te herstellen fertrouwensbreuk tusken de direksje en de haadredakteur.
Klaas Geert Bakker wie sûnt 1 april 2015 haadredakteur by Omrop Fryslân.