Fryske boeren nei Eastenryk foar CO2-neutraal bedriuwsplan

07 nov 2018 - 10:56

In delegaasje Fryske boeren sil nei Eastenryk om te sjen oft harren CO2 sertifikaten ek yn Fryslân te brûken binne. De fertsjinwurdiging fan de Fryske boeren sil op wurkbesite nei Kaindorf.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn it Eastenrykske CO2 systeem keapje bedriuwen sertifikaten oan fan boeren dy't CO2 fêstlizze yn harren lânbouperselen. De bedriuwen besykje om op dizze wize CO2-neutraal te wurden. De boeren krije op itselde momint in fergoeding foar it fêstlizzen fan de CO2.

Yn Kaindorf dogge 160 boeren mei, en der binne ferline jier sa'n 15.000 sertifikaten ferkocht. Deputearre Michiel Schrier ûndertekenet yn Kaindorf in yntinsje-oerienkomst foar in gearwurking tusken de Eastenrykske regio en Fryslân.

Trefwurden: 
boeren lânbou CO2 Eastenryk
(advertinsje)