Gemeente Ljouwert komt mei houlik foar beheind budzjet

Yn de gemeente Ljouwert binne lange wachtlisten foar in fergees houlik. Trouwe foar nul euro kin allinnich op moandeitemoarn betiid. De wachtlist foar in houliksproseduere sûnder kosten rinne op fan seis oant njoggen moannen. Dat is te lang fynt it kolleezje en dêrom komt der in low budget fariant by.
© Shutterstock
Ljouwerters wolle net te djip de beurs yn foar it jawurd, seit wethâlder Herwil van Gelder
Trouwe foar in lyts budzjet moat 149 euro kostje en kin op moandei, tiisdei en tongersdei op de moarntiden. Der meie fjouwer tsjûgen komme en boppedat kinne minsken seis oaren útnûgje as besiker. It sluten fan it houlik duorret 5 minuten langer as wannear't it fergees is en komt dêrmei op 15 minuten.
In gewoan houlik is yn de gemeente Ljouwert dûbel sa djoer. Dan binne de kosten 299 euro. Der kin dan fansels wol troud wurde op in selskeazen lokaasje.