Slim ûngelok op Heak om Ljouwert, N31 rjochting Harns skoft ôfsletten

07 nov 2018 - 09:00

Op de N31 by de ôfslach Ljouwert-West hat woansdeitemoarn in ûngelok west. Neffens de earste berjochten binne dêr twa auto's by belutsen. Der soenen meardere minsken ferwûne rekke wêze, hoe slim en hoefolle krekt is net bekend.

Foar de helpferliening binne meardere tsjinsten oproppen, wêrûnder in traumahelikopter. De N31 is fanwege it ûngelok fan Werpsterhoeke ôf yn de rjochting fan Harns foar in part ôfsletten. It ferkear kin omride fia de Hendrik Algrawei. Der stie op in stuit sa'n fiif kilometer file. Om 10.30 oere hinne waard de dyk wer frijjûn.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
ûngelok N31
(advertinsje)