Barkmeijer krijt mear tiid foar sykjen nei oernamekandidaat

07 nov 2018 - 08:37

De fallite skipswerf Barkmeijer yn Strobos krijt fjouwer wiken de tiid om te sykjen nei in oernamekandidaat. Der wurdt op 't heden boud oan twa baggerskippen yn opdracht fan it Britske bedriuw Hanson. Yn oerlis is no besletten om troch te wurkjen oan de skippen.

De werf fan Barkmeijer yn Strobos - Foto: Google Streetview

Kurator Marco Kalmijn oer Barkmeijer

Barkmeijer waard goed in wike lyn fallyt ferklearre. Neffens kurator Marco Kalmijn is it tige wichtich dat it bedriuw foarearst troch kin. "Stel dat we no ophâlde soene, dan wurdt de kâns op in oername folle lytser foar de totale werf op termyn." Om wer op te starten as alles stilstiet, dêr is eins gjin begjinnen oan, sa seit Kalmijn.

Dat der no trochwurke wurde mei, jout neffens de kurator betrouwen yn in goede ôfrin. Kalmijn hat op it stuit kontakt mei meardere oernamekandidaten.

(advertinsje)