Fryslân moat noch hieltyd sunich dwaan mei wetter

Fryslân moat noch hieltyd sunich oan dwaan mei wetter. De tekoarten binne noch grut en werstel sit der op koarte termyn net yn. It is it gefolch fan de drûchte fan ôfrûne simmer. It grûnwetter yn de provinsje stiet in 50 oant 60 sintimeter leger as gewoan.
Fryslân moat noch hieltyd sunich dwaan mei wetter
Wetterskip Fryslân wachtet dêrom mei it ynstellen fan it saneamde winterpeil. Dan wurdt der wetter útlitten om de buien dy't gewoanlik falle yn dizze tiid fan it jier ferwurkje te kinnen. Dit wurdt no sa lang as mooglik útsteld.

Grûnwetter sit djipper

Dy buien falle allinnich net. It bytsje rein fan ferline wike hat kwealik effekt hân op de wetterhúshâlding. Yn it sângebiet fan ús provinsje sit it grûnwetter op oardel meter djipte. Gewoanwei is dat nei de simmer sa'n 90 sintimeter. It wetterskip hâldt dêrom op in soad plakken fêst oan it simmerpeil. Dan stiet it wetter heger en dat is better foar de planten en de gewaaksen. De woartels hoege dan minder djip te groeien.
Pier Schaper, boezembehearder by Wetterskip Fryslân, sprekt fan in útsûnderlike situaasje. "Meastentiids binne we no oan it pompen. Dan moat dat peil omleech om reinwetter op te fangen. Mar sjoch ik no nei de waarkaarten, dan falt der kwealik wat."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferkearde kant fan de Alpen

It wetter dat wol falt, falt oan de ferkearde kant fan de Alpen. Schaper: "Je sjogge in soad reinwetter fallen oan de súdkant fan de Alpen yn Switserlân. Dêr hawwe se yn Italië lêst fan. Mar it wetter komt sa dus net yn de Ryn en dus nei Nederlân."
De oanfier út de rivieren, foar Fryslân giet it dan om de Isel, is folle leger. Schaper: "We tochten dizze simmer noch dat it al ekstreem leech wie wat der fia dy rivier binnenkaam, mar no is it al net folle better. Der komt mar sa'n 140 kúb de sekonde de mar binnen. Dat is neat as je dat fergelykje mei oare jierren."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Kwaliteit is wol goed

Ek it trochspielen fan de Fryske boezem wurdt dit jier net dien. Nei de simmer wurdt der ekstra wetter út de Iselmar ynlitten en dat giet der dan by de Lauwersmar wer út. Dat hat as doel de wetterkwaliteit goed te hâlden. Om't ek yn de Iselmar it peil leger stiet, wurdt dat no net dien. Der wurdt allinnich wetter ynlitten om it tekoart oan te foljen. Pier Schaper: "De kwaliteit fan it wetter is goed. De temperatuer is wat heger as gewoan, mar dat is net sa slim."
Op guon plakken yn Nederlân kin it neffens natuerbeskermers wol oardel jier duorje foar't guon systemen wersteld binne. "Dat is yn Fryslân net it gefal", seit Schaper. "As it no de kommende wiken goed reint, sjogge je it grûnwetterpeil rap omheech gean. Mar we moatte noch hieltyd sunich oan dwaan mei wetter. It is noch lang net op it gewoane peil."