Noordelijk Film Festival iepenet foar it earst mei trije films

06 nov 2018 - 23:08

By de 'Grande Opening' fan it Noordelijk Film Festival yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hienen de besikers it mar foar it úkiezen. Foar it earst iepene it festival mei trije films.

Besikers koenen kieze út de Sweedske film Gräns fan Ali Abbasi, de Yslânske Oscar-ynstjoering Woman at War en de Finske film Wheels of Freedom. Foarôfgeand oan de fertoaning waarden besikers traktearre op in optreden fan in band dy't by de film past. De Fryske achtmansformaasje Broken Brass Ensemble joech in ferrassingsoptreden.

Net allinnich yn De Harmonie binne der films te sjen, mar ek ûnder oare yn filmhûs Slieker en poppoadium Neushoorn.

Ferslachjouwer Timo Jepkema wie by de iepening fan it Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Film Festival is begûn oan de 39e edysje. Fan 5 oant en mei 11 novimber binne mear as 150 films te sjen op ferskate plakken yn Ljouwert. De organisaasje kin alle jierren rekkenje op 20.000 oant 25.000 besikers.

(advertinsje)