Provinsje wol wolven ôfsjitte kinne as skea te heech wurdt

06 nov 2018 - 22:22

De provinsje wol skea dy't troch wolven feroarsake wurdt wol fergoedzje oan de boeren, mar dan wol op syn meast 25.000 euro it jier. Mocht de jierlikse skea heger útfalle, dan wol de provinsje dat it Ryk it ôfsjitten fan wolven tastiet.

Foto: ANP

Dat moat opnommen wurde yn it saneamde wolveprotokol. Oer it wolveprotokol nimt it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO) op 6 desimber in beslút. Ofsjitte mei no net, om't de wolf in beskerme dieresoart is. De provinsje mei ek gjin tastimming jaan om ôf te sjitten. Deputearre Johannes Kramer wol dat ek leaver net.

Oft de skea oait heger útfalt as 25.000 euro it jier, is noch mar ôfwachtsjen. Oant no ta is de skea troch wolven yn Fryslân 1.372 euro.

Deputearre Johannes Kramer oer de plannen

Trefwurden: 
wolf wolveprotokol
(advertinsje)