Ljouwerter houliksrekôr giet nei Ruinen

06 nov 2018 - 20:12

It rekôr fan it langste houlik yn Nederlân is fan tiisdei ôf net langer yn hannen fan in stel út Ljouwert. Arend en Aaltje Noordhuis út it Drintske Ruinen binne tiisdei 80 jier en 288 dagen troud. It rekôr wie fan Pieter Ably út Ljouwert en Henriette Jeanne Tritsch út Amstelveen.

Pierre Ably en Henriette Jeanne Ably-Tritsch yn 2008 - Foto: ANP

Ably en Tritsch wiene de earsten yn Nederlân dy't in 'iken houlik' fiere koene. Sy trouden op 23 juny 1928 yn Livry-Gargan, yn de buert fan Parys. Sy fierden harren 'iken houlik' yn 2008 yn Amstelveen.

Op 6 april 2009 ferstoar frou Ably-Tritsch op 102-jierrige leeftiid. Dêrmei duorre harren houlik 80 jier en 287 dagen. Pieter Ably waard 104 jier âld. Hy ferstoar op 23 novimber 2009.

Trefwurden: 
iken houlik houliksrekôr
(advertinsje)