Provinsje jout in ton oan restauraasje fan mûnen

06 nov 2018 - 18:40

Om mûnen yn Peazens en Holwert wer yn oarder te meitsjen, stelt de provinsje goed 100.000 euro beskikber. Yn totaal is der sa'n trije ton nedich foar de twa mûnen.

De Miedemûne - Foto: Wikimedia Commons

Yn Peazens giet it om de mûne De Hond. Dy krijt 54.000 euro foar restauraasje. Der giet 49.000 euro nei De Miedemûne yn Holwert.

De bydrage fan de provinsje falt bûten de standert subsydzjeregeling foar monuminten.

Trefwurden: 
subsydzje mûne restauraasje
(advertinsje)