Friezinne Folkertsma ek oproppen foar beslissingsduels Oranje

Sisca Folkertsma fan Sleat sit yn de seleksje fan de Oranjefroulju foar de twa beslissende wedstriden foar pleatsing foar it WK fuotbal tsjin Switserlân. Se is letter taheakke oan de seleksje, om't Siri Worm har mei in kûtblessuere weromlutsen hat.
Sisca Folkertsma yn it shirt fan FC Twente © www.orange-pictures.nl
Folkertsma spilet tsjintwurdich foar FC Twente. Se waard yn 2017 al Europeesk kampioen mei Oranje.
Earder waard al bekend dat bûnscoach Sarina Wiegman noch twa Friezinnen meinimt: Sherida Spitse en Loes Geurts.

Play-offfinale tsjin Switserlân

Om't Nederlân him net direkt pleatste foar it WK fuotbal fan takom jier, moat it fia de play-offs barre. Begjin oktober skeakele Nederlân yn de heale finales Denemarken al út.
Yn de finale, dy't oer twa wedstriden spile wurdt, is Switserlân de tsjinstanner. Nederlân spilet op 9 novimber earst thús yn Utrecht. Op tiisdei 13 novimber is de return yn it Switserske Schaffhausen.