Plannen Holwert oan See sette yn 2020 útein
Yn it jier 2020 wurdt de seedyk by Holwert trochbrutsen en komt it doarp wer oan see te lizzen. Dat is de planning fan de wurkgroep Holwert oan See. Dy wurkgroep praat tiisdeitejûn alle Holwerters en oare belangstellenden by oer de stân fan saken.
It projekt Holwert oan See like in skoftke swier te kealjen, mar troch it plan op te knippen yn fazen komt der no wer gong yn. Foar de earste faze is 60 miljoen euro nedich, wêrfoar't de provinsje al 10 miljoen tasein hat. Mei ferskate oanfragen by it ryk, it Waadfûns en oare fûnsen komt dy 60 miljoen nei alle gedachten yn 2019 yn sicht en dan kin it wurk sa njonkelytsen ek oanbestege wurde.
De earste faze fan Holwert oan See bestiet út it oanlizzen fan in wetterferbining tusken Waadsee en it doarp, it trochbrekken fan de seedyk en de oanlis fan in sâlte mar binnendyks, dy't foar in unyk stikje natuer soargje moat.
Oan dy nije mar komt ek romte foar ferbliuwsrekreaasje en in bûlevaar oan de eastkant fan it doarp. De boeren dy't lân ynleverje foar it projekt sille kompensearre wurde mei oar lân op in oar plak.
De ambisjeuze plannen hawwe no al in posityf effekt op it eardere krimpdoarp Holwert. Der steane noch wol huzen te keap yn it doarp, mar folle minder as trije jier lyn. Yn de karakteristike Hegebuorren yn it sintrum wurde ferskate âldere huzen opknapt.