UPDATE: A7 by It Hearrenfean wer frijjûn, file koartet yn

06 nov 2018 - 17:59

Nei in ûngelok op it knooppunt by It Hearrenfean stie der in lange file op de A7. Fjouwer auto's binne belutsen by it ûngelok op it klaverblêd.

De file begûn by Aldehaske en wie op syn langst sa'n seis kilometer lang. De dyk is yntusken wer frijjûn en de file wurdt frij rap koarter.

(advertinsje)