Hurdfarre op de Burgumer Mar mei aanst wer

06 nov 2018 - 17:57

De provinsje wol yn 2019 hurdfarre op de Burgumer Mar wer tastean. Dat moat earst yn de foarm fan in proef fan twa jier lang. Dêrfoar stelt de provinsje 70.000 euro beskikber. Hurdfarre mei al sûnt 2003 net mear op de Burgumer Mar. In groep ûndernimmers en wettersporters wol al langer dat it wer tastien wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

As hurdfarre wer mei, moat it oantrekliker wurde foar in gruttere groep. Dêrby tinkt de provinsje oan leafhawwers fan wakeboarden, wetterskyen, monoskyen, kneeboarden of fun tubing (mei in ringbân of banaan efter de boat).

Neffens deputearre Klaas Kielstra kin mear libbenens op de Burgumer Mar in posityf effekt hawwe op de ekonomyske ûntjouwing yn dy regio. Jetskys en wetterscooters binne net wolkom.

Wêr't it hurdfargebiet presys komt te lizzen en hokker foarmen tastien wurde, moat noch bepaald wurde. Dat docht de provinsje yn oerlis mei de gemeente Tytsjerksteradiel en oare belutsenen. Se fine it dêrby wichtich om ek rekken te hâlden mei rekreanten, omwenners en de natuer.

Betingsten

No mei der op syn hurdst seis kilometer it oere fearn wurde op de Burgumer Mar. Yn de hurdfarsône meie leafhawwers hurder as 20.

Nei alle gedachten beslute Provinsjale Steaten op 19 desimber oer de proef. Begjin 2019 moat dúdlik wurde hoe en wat presys. Deputearre Steaten nimme dan yn maart 2019 in definityf beslút. De provinsje wol yn de simmer fan 2019 mei de proef úteinsette.

Trefwurden: 
Burgumer Mar hurdfarren
(Advertinsje)
(Advertinsje)