Argewaasje oer demonstraasjes by yntocht Sinteklaas: "Dit slaat in als een bom"

06 nov 2018 - 17:50

Wer is der opskuor oer de Sinteklaasyntochten. In jier nei de dramatyske tafrielen mei demonstranten en anty-demonstranten wol Kick Out Zwarte Piet wer nei Dokkum ta om te demonstrearjen. Ek yn Ljouwert wolle se aksjefiere. Dit ta argewaasje fan it CDA yn Ljouwert en Dongeradiel.

Sytse Brouwer fan de Ljouwerter CDA-fraksje seit dat der neffens syn partij twa beswieren binne. "It is in bernefeest en dat moat net fersteurd wurde troch ûngeregeldheden. En it kin liede ta it fersteuren fan de iepenbiere oarder."

Noch gjin oanfraach

Der is noch gjin oanfraach foar in demonstraasje binnenkaam by de gemeenten Ljouwert en Dongeradiel. Dochs wol it CDA no al witte litte dat se it der net mei iens binne. "It is oeral te lêzen en it CDA wol net dat dizze demonstranten by de yntocht fan Sinteklaas stean. Wy nimme ús taak as fertsjintwurdigers fan it folk serieus. Ik wol net oan it grûnrjocht foar demonstraasje komme, lit dat dúdlik wêze, mar it moat by sa'n bernefeest net ta ûngeregeldheden liede."

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

Brouwer fynt dat de demonstraasje wol plakfine kin, mar op in oar plak. "Wy kinne wol tsien plakken betinke, mar dat lit ik oan de boargemaster", seit Brouwer. "As it mar net oan de rûte of by de Prinsetún is."

"Ik bin bliid dat demonstranten nei Ljouwert komme om sjen te litten wat se fine, mar ik meitsje my soargen oer de iepenbiere oarder. Wy hawwe yn 2016 yn Rotterdam en 2017 yn Dokkum sjoen dat der grutte ûngeregeldheden komme kinne, en dat wol ik de bern net oandwaan."

Dit slaat wel in als een bom.

Serge Hollander

Serge Hollander siet as foarsitter fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert oan tafel by Fryslân Hjoed. Hollander is ek riedslid fan de VVD, mar wie der as foarsitter. "Dit slaat wel in als een bom", seit Hollander op it nijs dat KOZP demonstrearje wol yn Ljouwert. "Het is een serieuze intocht geworden in Leeuwarden, met duizenden mensen. We kijken het meest uit naar alle vrolijke gezichten van kinderen en volwassenen. Met dit soort dreiging haal je dat plezier wel weg."

'Benauwd voor beide partijen'

De demonstraasje soe freedsum wêze, hat KOZP sein. Hollander betwivelet dat, omdat de minsken dy't foar en tsjin binne, net altyd rêstich bliuwe. "Ik ben benauwd voor beide partijen. Het leidt altijd tot een tegenreactie en je hoort wel geluiden. De harde kern van Cambuur roert zich hierin en dat zijn vervelende dingen."

Hollander tinkt dat de rjochtsaak tsjin de blokkearders fan de A7, ferline jier, doe't demonstranten op wei wiene nei Dokkum, meispile hat by it beslút fan KOZP om ek nei Ljouwert te kommen. "Friesland is voor KOZP een interessante plek om te demonstreren."

CDA'er Brouwer sjocht de demonstraasjes perfoarst net sitten en is net wis oft it wol goed giet. "Ik tink dat it earder in binde wurdt." Hollander: "Ik wil mijn kinderen beschermen tegen voor en tegen."

KOZP is net foar kommentaar te berikken.

Niek Geelhoed fan de ûndernimmersferiening yn Dokkum is ek net bliid. "KOZP was er vorig jaar dan wel niet bij de intocht, maar kwam veertien dagen later alsnog naar Dokkum. We hebben een grimmige sfeer gehad en wilden dit jaar een normale Sinterklaasintocht."

(advertinsje)