Fier sil NOC*NSF helpe mei #MeToo yn de sportwrâld

06 nov 2018 - 17:32

Sportkoepel NOC*NSF wol seksuele yntimidaasje of misbrûk yn de sport oanpakke. Ekspertize- en behannelsintrum Fier Fryslân sil dêrby in rol spylje mei chatsesjes. NOC*NSF hat Fier frege om slachtoffers te helpen.

Dat is tiisdeitemiddei bekendmakke op in kongres yn Den Haag. Sporters dy't misbrûkt binne, kinne chatte mei meiwurkers fan Fier. Dat is anonym en de drompel om help te freegjen is dan folle leger.

Beliedsmeiwurker Gerda de Groot fan Fier: "NOC*NSF heeft vertrouwenspersonen. Die zijn expert op het gebied van sport en zijn betrouwbaar. Maar Fier heeft al sinds 2009 een chat en soms is dat gemakkelijker."

It probleem is grut: út in rapport die bliken dat ien op de acht sporters te krijen hat mei 'grensoverschrijdend gedrag'.

En it wurdt net altyd meld: "Mensen schamen zich vaak, dat maakt het ingewikkeld", leit De Groot út. "En in de sport is het nog ingewikkelder, want je bent afhankelijk van je coach. Als die het heeft gedaan, dan is het lastig. Maar ook als je door medesporters bent misbruikt, is het heel moeilijk om te vertellen dat iemand van jouw team het heeft gedaan."

Fier-direkteur Anke van Dijke en Gerard Dielessen, algemien direkteur NOC*NSF - Foto: Fier

Ferhaal kwyt

Fier krijt no ek alris sporters yn de chat dy't prate wolle oer misbrûk. "Ze weten dan vaak niet wat ze ermee moeten doen en ze durven er niet over te praten." Mooglik krijt Fier it no folle drokker. "Dat zou best kunnen", fertelt De Groot. "Ik hoop het van harte, want dat betekent dat die mensen hun verhaal kwijt kunnen."

As minsken har ferhaal dien hawwe by Fier, wat is dan de ferfolchstap? "Bij ons zijn ze anoniem, ze zullen dus niet dat ze bekend zijn. We erkennen hun verhaal en praten er met hen over. We leggen uit dat het niet hoort en dat er mogelijkheden zijn om er weer uit te komen. Dan motiveren we ze om contact te leggen met vertrouwenspersonen van NOC*NSF. Zij weten de weg om ze te helpen. Wij kijken dus met de slachtoffers mee naar welke hulp ze nodig hebben om de gevolgen te verwerken."

Oanjefte dwaan

Oanjefte dwaan is ek wichtich, seit De Groot. "Want we willen niet alleen slachtoffers helpen, maar het is ook de bedoeling dat de plegers worden berecht. Aangifte helpt, dus daar zullen we de slachtoffers toe motiveren."

Ek chatte mei Fier? Dan moatst hjir wêze.

(advertinsje)