Fiif jier sel easke foar grut tal ynbraken âldereinwenten

06 nov 2018 - 16:16

Justysje easket fiif jier sel tsjin twa manlju út Lelystad dy't ynbrutsen ha yn soarchsintra en âldereinwenten ûnder oare op De Jouwer en It Hearrenfean en yn Drachten. De twa waarden betrape by in ynbraak yn Alkmaar.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ien fan de fertochten bekende allinne dizze ynbraak, de oare fertochte bekende seis ynbraken wêrby't syn DNA fûn is. Mar justysje tinkt dat se ferantwurdlik binne foar mear as hûndert fan soksoarte ynbraken, omdat dy op deselde wize dien waarden as dy dêr't de fertochten by belutsen wiene. Boppedat hâlden de ynbraken op doe't de twa fertochten oppakt wiene.

Briefkes

Justysje tinkt bewiis te hawwen foar 28 fan dy ynbraken. Yn de auto fan de fertochten leine briefkes mei adressen fan soarchsintra en âldereinwenten. En op in laptop, in telefoan en yn de TomTom waarden sykopdrachten fûn dy't te linken wiene oan âldereinsintra. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
âlderein ynbraken sel
(advertinsje)