Timpel fan Ids yn minne steat: wat moat der barre?

06 nov 2018 - 16:14

De timpel fan Ids, it keunstwurk op de dyk by Marrum, ferkeart yn minne steat. It keunstwurk is yn 1993 pleatst nei de oanlis fan 66 kilometer seedyk.

De Timpel fan Ids - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Sûnt dy tiid is der net in soad oan it keunstwurk byholden. Neffens keunstner Ids Willemsma is dat no heechnedich. As der neat oan de timpel dien wurdt, is der binnen in pear jier neat mear fan oer.

"Ik kom hjir wolris mei de fyts del, dan sjoch ik even. Dizze simmer wie ik hjir ek efkes, mar ik sjoch no pas hoe slim it echt is", fertelt Willemsma. "Sjoch dan, oeral sit rust! As hjir neat oan dien wurdt, kin dit allegearre sa ynstoarte binnen in pear jier." Boppe op it stielen keunstwurk leit in diel fan de âlde dyk, mear as in ton oan klaai en sân.

Willemsma fynt it skande wat der mei syn keunstwurk bart: "Ik snap net dat se dit net earder oanpakt hawwe." Hy doelt op Wetterskip Fryslân, dat neffens him eigener fan it keunstwurk is. Yn 1993 makke hy it keunstwurk yn opdracht fan Zeewerend Waterschap, sa't de organisaasje hjitte foar in oantal fúzjes. "Ik wit net wat de plannen binne fan it Wetterskip. Miskien fine se it wol neat en wolle se der op dizze wize ôf."

It bestjoer fan Wetterskip Fryslân hat tasein út te sykjen wat de steat fan it keunstwurk op it stuit is, en wa't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld.

Trefwurden: 
Ids Willemsma Marrum timpel
(advertinsje)