Kultuersubsydzje foar teäter op skoalle op Piter Jelles YnSicht

06 nov 2018 - 16:02

De skoalle YnSicht fan skoallemienskip Piter Jelles hat subsydzje krigen foar better keunstûnderwiis op skoalle. YnSicht wurket mei teäterselskip Tryater en mei advysorganisaasje Keunstwurk oan in spesjaal lesprogramma oer it meitsjen fan teäter op skoalle.

Piter Jelles YnSicht - Foto: Google Street View

Bern leare hoe't se sels in foarstelling meitsje kinne. It giet dan net allinne om it aktearjen, mar ek om it regissearjen, it meitsjen fan it dekôr en kostúms en de produksje en de publisiteit.

Beide partijen neame de gearwurking bysûnder. It binne net allinne de skoalbern dy't leare fan de minsken fan Tryater. It teäterselskip leart de doelgroep jongeren better kennen en kin syn edukative oanbod dêrtroch better ôfstimme op dy doelgroep.

Fonds voor Cultuurparticipatie

It Fonds voor Cultuurparticipatie hat der subsydzje foar jûn binnen de regeling 'Versterking cultuureducatie in het vmbo, vso en praktijkonderwijs'. It is foar it earst dat in skoalle yn Fryslân sa'n subsydzje krijt.

(advertinsje)