Wetterskip Fryslân wurket oan oanpak woekerplant Aziatische Duizendknoop

Wetterskip Fryslân pakt mei in groep oerheden en grûneigeners de Aziatische Duizendknoop oan. Dat is in plant dy't hjir fan natuere net foarkomt en bot woekeret. De plantesoart groeit hiel rap en ferspriedt him maklik yn grien yn'e stêd, bermen, tunen en natuergebieten. Ek smoart er oare planten en kin sels troch asfalt hinne brekke.
Japanske Tûzenknoop © Wikimedia Commons
It kostet in soad jild om him te bestriden. Wetterskip Fryslân wurket gear mei de provinsjes Gelderlân, Noard-Brabân en Utrecht, de gemeenten Bronckhorst, Hilvarenbeek, 's Hertogenbosch en Uden en de Vereniging van Bos- en Natuurterreineigenaren om de Aziatische Duizendknoop te bestriden.
Se meitsje mei elkoar in bestridingsplan. Dy oanpak is mids takom jier foar elk beskikber op in spesjale webside: www.bestrijdingduizendknoop.nl.