Van Lokven nei earste ronde útskeakele op WK karate

06 nov 2018 - 15:20

Samantha van Lokven fan Sportschool Raymond Snel yn Ljouwert is der net yn slagge de twadde ronde fan it WK karate te berikken. De 23-jierige karateka moast yn Madrid op it ûnderdiel kata yn de earste ronde har meardere erkenne yn de Turkse Dilara Eltemur.

Foto: Omrop Fryslân

Van Lokven trof mei de Turkse fuortendaliks in swiere tsjinstanner. Eltemur stiet op it 9e plak op de wrâldranglist, wylst de Nederlânske it 52e plak ynnimt. In ferrassing siet der net yn foar de pupil fan Raymond Snel. Alle fiif de sjueryleden wiisden Eltemur as winner oan.

De karateka fan Ljouwert waard yn jannewaris foar de sânde kear Nederlânsk kampioen op it ûnderdiel kata. Samantha komt oarspronklik út Noard-Brabân, mar is fiif jier lyn nei Fryslân ta kaam om training te krijen fan Raymond Snel.

(advertinsje)