Oerfaller skuort kassa fan toanbank: plysje dielt bylden

06 nov 2018 - 14:37

De plysje hat tiisdei bylden dield fan in wapene oerfal by in snackbar op It Hearrenfean. Dat barde op 14 oktober yn de wyk De Greiden.

De fertochte, hy hie in bivakmûtse op, kaam om likernôch 19:45 oere de snackbar binnen en bedrige de meiwurker mei in mes. Hy skuorde it kassalaad fan de toanbank en hy swaaide mei in mes.

De fertochte rûn fuort nei de Wiekslag. It personiel fan de snackbar hat him achterfolge, mar rekke de man kwyt by it parkje by de Buizerd. De man waard, ek al wie de plysje op syk nei him, net mear fûn.

De oerfaller hie in swarte jas, in spikerbroek mei gatten en Adidas-skuon oan. De plysje freget minsken dy't mear witte, harren te melden.

(advertinsje)