Toaniel sûnder skript tusken de merke-attraksjes

06 nov 2018 - 14:00

In teäterfoarstelling sûnder skript. Sa is 'Doarp Europa' fan Tryater begûn. In produksje wêrby't Europeeske spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen en harren ynspirearje litte troch alle kultueren en ferhalen yn Fryslân en Europa.

Tryater spilet 'Doarp Europa' oant 15 desimber tweintich kear by bedriuwen dy't woartele binne yn Fryslân mar konneksjes hawwe oer de hiele wrâld. Ien fan dy bedriuwen is KIG Heerenveen BV út Terbant. Mear as hûndert meiwurkers binne hjir deistich dwaande mei it útfinen en bouwen fan ferskate masinen. Meast opfallend binne dêrby de merke-attraksjes dy't se by KIG ûntwikkelje.

It betsjut dat de foarstelling dizze kear spile waard yn in loads dêr't ûnder oare merketastellen, hyskranen en liften makke wurde. Tryater giet mei de foarstelling ek noch nei sa'n 50 foarstellingen de húskeamers yn Fryslân yn.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Tryater Doarp Europa
(advertinsje)