Hoefolle witsto fan ferkearsbuorden? Doch hjir de test

06 nov 2018 - 12:53

Hoe hurd meie je ride op in wenhiem en wat betsjut in griene line op de dyk? De kennis fan ferkearsregels is neffens Veilig Verkeer Nederlân by in soad minsken fuortsakke. Mei help fan de webside verkeersregels.vvn.nl kinne minsken fan tiisdei ôf harren kennis byspikerje.

Ferkearsdielnimmers binne faak ferbjustere oer nije regels of regels dy't feroare binne. "Onze kennis is vaak verouderd. Je doet al vroeg je rijexamen, en je rijd dan je hele leven gewoon door", sa seit Henni van Asten, foarsitter fan VVN Fryslân. "Het is belangrijk dat je regelmatig je verkeerskennis opfrist."

Foto: Shutterstock.com

Mooglik oarsaak ûngelokken

Neffens Van Asten soe de minne kennis fan de ferkearsregels wolris in ferklearring wêze kinne foar it grutte tal ferkearsslachtoffers. "We hebben natuurlijk teveel verkeersdoden en gewonden. Dat ligt aan heel veel zaken, zoals de smartphone op de fiets en in de auto, of aan de zichtbaarheid op de fiets, maar het ligt misschien ook wel aan de kennis van de verkeersregels."

Oan in opfriskursus dy't VVN trije jier lyn hâlde, diene 700.000 minsken mei. De útkomsten fan dy test binne brûkt by de opset fan de nije kursus. Op de webside komme ferkearsregels oan 'e oarder en der binne praktyksituaasjes mei foto's. Der is in apart haadstik oer de 372 ferkearsbuorden dy't we yn Nederlân hawwe.

(advertinsje)