Sko ris oan: ynwenners fan Dantumadiel ite mei de boargemaster en wethâlders

06 nov 2018 - 12:47

It mienskiplik iten fan in moarnsbrochje moat de boargemaster en wethâlders fan de gemeente Dantumadiel tichterby de befolking bringe.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Sko ris oan

'Sko ris oan', ûnder dizze titel binne ynwenners fan de gemeente Dantumadiel útnûge om mei te dwaan oan in moarnsbrochje mei de boargemaster en wethâlders. Yn Broeksterwâld wie de earste edysje fan 'Sko ris oan' en de kommende moannen sille alle doarpen fan de gemeente opsocht wurde.

Punten dy't spylje

Yn it doarpshûs fan Broeksterwâld binne úteinlik in sa'n tweintich minsken op it brochje ôfkaam. Punten dy't de ynwenners ynbrochten wiene ûnder oare de wenningbou en de ynrjochting fan it doarpssintrum. Neffens boargemaster Klaas Agricola kinne minsken maklik harren ferhaal kwyt by it moarnsbrochje, omdat der in ynformele sfear hinget.

Dantumadiel is net meigien yn de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. Om tichtby de befolking te stean fynt de gemeente it fan belang om moetingen te hawwen mei harren ynwenners.

(advertinsje)