Sân 'gouden' woarsten foar Weidenaar op fakbeurs

De drûge woarsten en oare produkten fan famyljebedriuw Weidenaar út Dokkum hawwe op de slachtersfakbeurs Slavakto 7 kear goud helle.
Wini Weidenaar oer harren woarst
"Elke dei wurkje ús woarstmakkers hurd en dogge se wer harren bêst. It is in befêstiging datst goed dwaande bist en dat is hiel fijn", seit Wini Weidenaar.
Guon fan de woarsten fan Weidenaar hellen goud mei in stjer. Heger kinne je yn de brânsj net komme.
De Slavakto wurdt ien kear yn de trije jier hâlden. It guod wurdt beoardiele troch in ûnôfhinklike sjuery. Weidenaar bestiet 90 jier en yntusken is de tredde generaasje de baas.