It NFF by Omrop Fryslân: De race fan 48HFP yn Ljouwert

06 nov 2018 - 11:54

Fan moandei 5 oant snein 11 novimber stiet Ljouwert wer folslein yn it teken fan it Noordelijk Film Festival. It festival duorret dit jier in pear dagen langer yn ferbân mei LF2018, en Omrop Fryslân is der alle wurkdagen by mei in wiidweidige útstjoering út De Harmonie wei. Yn dit programma petearen mei filmmakkers en reportaazjes. Alle jûnen stjoere wy ien of soms twa films út.

Foto: Omropfryslân, Wendy Kennedy

Yn it programma fan tiisdei in reportaazje fan Wendy Kennedy oer it 48 Hour Film Project wêrby't in filmploech yn twa dagen tiid in film meitsje moat.

Fierders omtinken foar in hiel bysûndere film dy't dit jier op it Noordelijk Filmfestival te sjen is: 'Sisters'. In dûnsfilm oer trije suskes dy't allinnich thús binne en oan har lot oerlitten wurde.

Karen Bies praat mei de regisseur fan dizze film, Daphne Lucker (Roden): "Ik vind het boeiend hoe mensen op een non-verbale manier met elkaar communiceren. Dat zegt meestal meer dan woorden. Voor mij is dans een uitvergroting van de bewegingen die mensen vanuit hun emotie maken." Ek Lotte Mulder, fan Hoogeveen, is te gast, ien fan de trije dûnseressen yn 'Sisters'.

Werom yn Ljouwert

De film dy't jûn folslein útstjoerd wurdt by Omrop Fryslân is 'Het Grandioze Falen', fan it Fryske filmkollektyf 'Natte Haring'. Haadpersoan Marcus komt werom yn syn âlde stêd en syn freonen hawwe de gekste plannen mei him. In grappige en orizjinele film, foar it grutste part opnommen yn Ljouwert. Karen Bies praat mei regisseur Max Lunter en produsint Hidde de Vries.

It NFF by Omrop Fryslân

Moandei 5 novimber oant en mei freed 9 novimber 2018, is Omrop Fryslân alle jûnen fan 21 oant 22 oere op it Noordelijk Film Festival. Yn dit programma binne gesprekken mei filmmakkers en reportaazjes te sjen. Dêrnjonken stjoere wy alle jûnen ien of soms twa films út.

(advertinsje)