It oantal stedskuiers yn Ljouwert gie trije kear oer de kop

06 nov 2018 - 11:14

It Historisch Centrum Leeuwarden hat in goed toeristysk seizoen hân. Aktiviteiten fan it HCL mochten yn it Kulturele Haadstêdjier in soad besikers wolkom hjitte.

De Aldehou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It oantal besikers oan de Aldehou ferdûbele nei mear as 65.000, de tydlike driuwende eksposysjeromte Paviljoen Liwwadders luts sa'n 40.000 besikers, it Pier Pander Museum luts 4.500 belangstellenden en it HCL sels 31.000 besikers.

It oantal stedskuiers gie trije kear oer de kop mei 800 groepen en 12.000 dielnimmers. Om dit allegearre yn goede banen te lieden sette it HCL mear as 110 frijwilligers yn.

(advertinsje)